Plysje siket noch nei twadde fertochte oerfal De Pein

15 okt 2016 - 08:15

De plysje is noch altiten op syk nei de twadde fertochte fan in oerfal op in 47-jierrige frou fan De Pein. Sy waard freedtemiddei yn har hûs oan de Nijtap oanfallen troch twa manlju. Se easken jild en trochsochten de wenning. Der folge in lytse fjochterij wêrby't de frou lichtferwûne rekke.

"Ze is uit voorzorg naar het ziekenhuis gebracht", seit plysjewurdfierder Ramona Venema. It slachtoffer is bot oandien troch de oerfal.

De plysje koe fuort nei de melding ien fertochte oppakke. Venema kin noch net folle sizze oer dizze man. Dêrneist wurdt dus noch socht nei de twadde oerfaller. "We zitten op de goede weg en hopen een dezer dagen met goed nieuws te kunnen komen", seit de wurdfierder.

Trefwurden: 
oerfal De Pein
(advertinsje)
(advertinsje)