DDB: "Jou boeren in preemje as se kij nei de slacht dogge"

15 okt 2016 - 07:19
Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

Om it fosfaatoerskot op te lossen moatte boeren in preemje krije as se kij nei de slacht bringe. Dat seit de feriening fan melkfeehâlders Dutch Dairymen Board (DDB).

Op dit stuit foldocht Nederlân net oan Europeeske regels oer de útstjit fan fosfaat yn kowedong. Dat komt omdat der tefolle kij binne. Troch it ferdwinen fan it molkekwotum yn 2015 ha in protte boeren keazen foar útwreiding fan it bedriuw, en dus foar mear kij.

Jier útstel

Okkerdeis makke steatssekretaris Martijn van Dam fan Ekonomske Saken bekend dat de ynfiering fan fosfaatrjochten mei in jier útsteld is, fan 1 jannewaris 2017 nei 1 jannewaris 2018.

Troch in bepaald maksimum oan fosfaat de boer ta te stean, soe de totale útstjit fan fosfaat omleech gean. De fosfaatrjochten binne jild wurdich. Se soene ek ferhannele wurde kinne.

Ferbjustere

Neffens de Europeeske Kommisje (sis mar it Europeeske regear) is dat yllegale steatsstipe. Boerebelangeorganisaajse LTO wie dêr ferbjustere oer.

Dat de feesteapel ynkrimpe moat, dêr is neffens foarsitter Sieta van Keimpema fan it Dutch Dairymen Board net oan te ûntkommen. En om der foar te soargjen dat sa'n slachtpreemje effektyf is, moatte boeren dy't it jild krije wol oantoane kinne dat de kij yndied nei de slachter gong binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)