Rob Maas: Kansen opnieuw niet benut

14 okt 2016 - 22:59

Trainer Rob Maas fertelt nei ôfrin fan de ferlerne wedstriid yn en tsjin Den Bosch opnij dat de kânsen fan syn spilers der in kear yn moatte. Cambuur wie de earste helte en it earste part fan de twadde helte dominant, mar wist dit net om te setten yn doelpunten. De Ljouwerters krigen trettjin corners, mar der gie net ien yn. "Daar moet een doelpunt uit gemaakt worden. Maar dat gebeurt niet", seit de teloarstelde trainer. Dêrneist krije se fierstente maklik goals tsjin, fynt de trainer.

Foarôfgeand oan de wedstriid sei de trainer noch dat de wedstriid tsjin Den Bosch wûn wurde moast. Dit is net slagge. Nei it fiifde ferlies fan it seizoen fynt Maas freedtejûn dan ek dat Cambuur kwa oantal punten net op it plak stiet dêr't er op hope hie. 

Cambuur-onwaardig

Oanfaller Martijn Barto is tige teloarsteld oer de nederlaach tsjin Den Bosch. "Ik ben strontchagrijnig. Als je twintig kansen krijgt en je weet er maar een te scoren is dat niet goed genoeg", seit in frustrearde Barto. It is net de earste kear dit seizoen dat Cambuur it grutte tal kânsen net wit om te setten yn doelpunten. Hy wit net wêr dit oan leit. Barto neamt it ferlies "Cambuur-onwaardig".

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur Rob Maas
(Advertinsje)
(Advertinsje)