Jonkje rêden fan boaiem swimbad De Blauwe Golf

14 okt 2016 - 22:27

In jonkje is freedtejûn fan de boaiem fan swimbad de Blauwe Golf yn Ljouwert helle troch meiwurkers fan it swimbad. De jonge moast nei de rêding reanimearre wurde. Hy is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.

It bern fan in pear jier rekke troch noch ûnbekende oarsaak yn it wetter, wylst er net swimme kin. It is noch net dúdlik hoe't it jonkje der oan ta is.

It ûngelok fûn plak wylst der tsientallen bern oanwêzich wiene yn it swimbad.

Trefwurden: 
De Blauwe Golf swimbad
(advertinsje)
(advertinsje)