Liudger krijt Europeesk keurmerk twatalich ûnderwiis

Liudgerlokaasje Raai yn Drachten © Omrop Fryslân, Jan Durk de Haan
De fêstiging fan Skoallemienskip Liudger oan de Raai yn Drachten krijt wer in Europeesk keurmerk foar syn twatalich ûnderwiis. In spesjale kommisje hat der tongersdei west en praat mei learlingen, âlden en dosinten. De kommisje wie ûnder de yndruk fan de kwaliteit fan de lessen yn it Ingelsk en fan it entûsjasme fan it ûnderwizend team fan de skoalle.
It Liudger krijt no it sertifikaat tto-juniorschool, tto stiet foar twatalich ûnderwiis.