Advokaat Canoy: Wilders wurdt feroardiele

14 okt 2016 - 18:52

It is in polityk proses, seit advokaat Bart Canoy út Ljouwert, mar hy ferwachtet wol dat Geert Wilders feroardiele wurde sil foar syn minder-minder-útspraak yn 2014. Al is er dêr net hielendal wis fan. It is oars as mei in ynbraak of sa, seit Canoy, dan is it yn it foar al dúdlik wat de noarm is. Ynbrekke mei net. Hjir is dat folle dreger. Der is noch gjin noarm. Dy moat de rjochter earst sels stelle.

De rjochter hat him freed earst prosedureel oer de saak bûgd, en bepaald dat it proses trochgean kin. Wilders' advokaat Geert-Jan Knoops hie de rjochtbank frege om der fuortendaliks mei op te hâlden, omdat Wilders as politikus frij wêze moat om te sizzen wat er wol.

'Pleur op'

Knoops fynt dat Wilders net foar de rjochter stean mei, omdat oaren dy't fergelykbere útspraken dien ha, ek net foar de rjochter komme. Sa sei minister-presidint Rutte okkerdeis op telefyzje 'pleur op' tsjin in jonge fan Turkse komôf.

Kontekst

Neffens Canoy spilet yn sokke gefallen de kontekst dêr't de útspraak yn dien is, in grutte rol. Yn it gefal fan Wilders, dy't syn útspraak rjochte op Marokkanen yn it algemien, en dy't se die yn in fol kafee, ferwachtet Canoy dat de balâns yn syn neidiel trochslaan sil. "Wilders kijkt bewust hoever hij kan gaan. Hij weet donders goed waar hij mee bezig is."

As je Canoy freegje hokker straf er yn gedachten hat, neamt er in jildboete fan 500 oant 1.000 euro.

Trefwurden: 
Bart Canoy Geert Wilders
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)