Henk de Jong: "Ik hie opstappe moatten"

Ald-Cambuurtrainer Henk de Jong hat spyt dat er net opstapt is by de fuotbalklup doe't assistint-trainer Sandor van der Heide fuortstjoerd waard. Dat seit De Jong freedtejûn yn Fryslân Hjoed. Van der Heide waard yn novimber foarich jier troch it bestjoer oan de kant set fanwegen de minne resultaten fan de klup. Doe wie it wat De Jong oanbelanget ek wol foarby, docht no bliken.
Deadlik
"Dit hat my myn karriêre in protte koste", seit De Jong oer it fuortgean fan Van der Heide. "Dit wie foar my deadlik." Doe't Van der Heide fuortstjoerd waard, krige De Jong in soad telefoantsjes. "Hiel Nederlân belle my: 'Henk, do moast stopje.' Ik hie direkt stopje moatten. Dan mar yn de skuldsanearring. Foar my wie it doe oer. Dat is net tsjin te hâlden", seit De Jong.
Earder wie noch net bekend dat De Jong al by it ûntslach fan Van der Heide twivele oer syn eigen posysje as trainer by Cambuur.
Sels stapte De Jong yn febrewaris fan dit jier op as haadtrainer. Hy is op it stuit kommersjeel meiwurker by FC Grins.
De folsleine útstjoering fan Fryslân Hjoed is werom te finen op de webside.