UPDATE: Oerfal op in wenhûs yn De Pein

14 okt 2016 - 17:04

In 47-jierrige frou fan De Pein is licht ferwûne rekke by in oerfal op har wente oan de Nijtap. De frou wie allinnich thús doe't se twa ûnbekende manlju oantrof efter har hûs. De mannen rûnen efter har oan de wente yn en easken jild. Ek trochsochten se de wente.

Der folge in lytse fjochterij wêrby't de frou ferwûne rekke. De beide manlju binne doe útnaaid. Ien fertochte koe al gau oanhâlden wurde. Nei de oar is noch in syktocht geande. De frou is foar kontrôle nei it sikehûs brocht. 

Trefwurden: 
oerfal De Pein plysje
(advertinsje)
(advertinsje)