Skoalbern út Berltsum helpe flechtlingen mei ynboargerjen

De Nederlânske taal leare foar in flechtling is bêst dreech. En it is dan ek folle leuker om de taal op boartlike wize op te pikken. Learlingen fan groep 8 fan basisskoalle De Fûgelsang út Berltsum kamen dêrom freedtemoarn nei it Friesland College yn Ljouwert. Jonge flechtlingen út ûnder oaren Eritreä en Syrië krije dêr Nederlânske taalles. Freed bestie de les út buordspultsjes lykas Guozzeboerd en Minsk Ergerje Dy Net. De lesdei is in idee fan taaldosinten Ysbrand Drost en Siety Feijen fan it Friesland College.
"Flechtling in gesicht jaan"
Ysbrand Drost jout ek les op basisskoalle De Fûgelsang yn Berltsum. "Ik fertel de learlingen dan yn de klasse ek wolris oer de flechtlingen. De bern binne dan hiel nijsgjirrich en hawwe allegear fragen. Se wolle witte wa't dy minsken binne of wat se meimakke hawwe. It like ús dêrom moai ta om de flechtlingen en de skoalbern ris mei inoar yn de kunde te bringen. Sa kinne de flechtlingen op boartlike wize harren Nederlânsk oefenje." De moeting hat ek noch in oar doel. "De skoalbern hearre fan alles yn it nijs oer flechtlingen. Guon bern binne sels in bytsje bang. No sitte se mei-inoar oan tafel. Kinne se inoar fragen stelle en komme se der efter dat flechtlingen ek gewoan minsken binne."