Fytsersbûn wol ûngelokken better registrearje litte

14 okt 2016 - 16:46

Ungelokken moatte better registrearre wurde. Dat seit it Fytsersbûn. Dy reagearret dêrmei op it ûndersyk dat yn sikehûs MCL dien is. Dat Ljouwerter sikehûs hat in jier lang byhâlden hoefolle minsken dy't op de earste help binnenkamen, ferwûne rekke wiene by in ûngelok.

Dat wiene der folle mear as dat by de plysje bekend wie. Want net by elk ûngelok wurdt de plysje ynskeakele. As goed byhâlden wurdt hoe't en wêr't ûngelokken gebeure, kin dat helpe om it ferkear feiliger te meitsjen.

Trefwurden: 
ûngelok Fytsersbûn
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)