Fryske bern dogge mei oan nij wrâldrekôr programmearjen

Bern fan acht basisskoallen yn Fryslân ha freed in nij wrâldrekôr fêstige. It giet om it wrâldrekôr programmearjen. Mei-inoar ha goed 11.000 bern yn Nederlân op 473 basisskoallen meidien oan dit rekôr. It âlde stie op namme fan Australië. Dêr diene earder hast 10.000 bern mei.
De learlingen moasten fia de kompjûter in drone betsjinje om de jacht op oaljefanten tsjin te gean. Se moasten ûnderling goed gearwurkje om de stroper út te skeakeljen.
By de Fryske bern wienen ûnder oare skoallen yn Winsum belutsen en Goutum, Sumar, Surhústerfean, Langsweagen, Kollum en Haulerwyk.
Codeweek
It projekt falt ûnder Codeweek.nl, fan 15 oant en mei 23 oktober wurde op skoalle en dêrbûten programmearaktiviteiten organisearre om de jonge generaasje ta te rieden op it wurk fan de takomst.