'Magnus' iepenet Noordelijk Film Festival

14 okt 2016 - 15:47

It Noordelijk Film Festival yn Ljouwert iepenet dit jier mei de Noarske film Magnus, oer de skaakgrutmeester Magnus Carlsen. It is foar it earst dat dizze film yn Noard-Nederlân te sjen is. En it is ek foar it earst dat it filmfestival iepenet mei in dokumintêre. De film is makke troch regisseur Benjamin Ree.

De 37e edysje fan it Noordelijk Film Festival wurdt hâlden fan 9 oant en mei 13 novimber op ferskate lokaasjes yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Noordelijk Film Festival
(advertinsje)
(advertinsje)