Nije útkyktoer Appelskea lang om let iepene

Lang om let is der iepen. De nije útkyktoer op de Bosberg yn Appelskea. Freed is de toer iepene troch deputearre Klaas Kielstra, boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf en boskwachter Bert Hummelen. By de iepening waard ek de nije namme fan de toer bekend makke, nammentlik: Bosbergtoren.
De toer fan 35 meter stiet op in stodún fan 27 meter. Fanút it heechste punt fan de toer, binne de stêden Ljouwert, Grins en Coevorden te sjen. Neist de toer stiet in 400 jier âlde ikebeam, dy't ûnderstood is mei sân.
Fertraging
Earst waard tocht dat de beam wol kapt wurde koe, mar út ûndersyk hat bliken dien dat it mooglik de iennichste iik yn Europa is dy't oerlibbet yn sa'n heech stodún. En dus moast der by de bou fan de nije útkyktoer foarsichtich wurke wurde en dat soarge foar fertraging. Mar no foarmet de iik in ekstra attraksje.
Lift
Dit wykein kinne minsken fergees de toer op. Besikers dy't net rinne kinne of yn in rolstoel sitte, kinne gebrûk meitsje fan de lift yn de toer.