Soad reaksjes op enkête oer mobyl berik

14 okt 2016 - 19:15
Foto: Omrop Fryslân

Al goed 750 Friezen ha de enkête ynfolle oer it mobyl berik yn har omjouwing. Omrop Fryslân docht yn gearwurking mei de oare regionale omroppen ûndersyk nei hoe't it steld is mei de mobile dekking yn Nederlân. Guon minsken ha inkeld yn bepaalde keamers berik yn hûs. Oaren ha goed berik yn hûs, mar rûnom de wenning wer net.

Ha jo goed berik thús of moatte jo nei bûten rinne? We binne benijd nei jo ûnderfiningen.

Sa’n bytsje alle Friezen ha wol in mobile telefoan. We brûke it foar fan alles, fan Whatsapp oant ynternet en ek om mei te beljen. Yn Fryslân is op guon plakken in min, of sels gjin, berik mei de mobile telefoan en is ferbining mei ynternet ek in probleem.

Enkête

Dus ha jo goed berik thús of moatte jo nei bûten rinne? Of kinne jo wol belje yn de keuken, mar net oan de oare kant fan it hûs? Lit it ús witte en folje de enkête yn. Oer oardel wike bringe we de útkomsten.

Klik hjir foar de enkête.

(Advertinsje)
(Advertinsje)