Red De Sionsberg oerlanget protestbrieven oan De Friesland

De Stichting Red De Sionsberg oerlanget freedtemiddei hûnderten protestbrieven oan De Friesland Soarchfersekerder. Dat dogge se yn it kantoar fan De Friesland yn it sikehûs. Yn de brieven wurdt de fersekerder oproppen om werom te kommen op de kontraktbrek dy't it dien hat mei Sionsberg en om soarch yn te keapjen.
Neffens Red De Sionsberg moat De Friesland har oan de ôfspraken hâlde dy't makke binne. De minsken dy't de brieven ûndertekene ha, binne it net iens mei de status dy't Sionsberg op dit stuit hat. Se binne bang dat de kontraktopsizzing as gefolch hat dat de Sionsberg in feredele húsdokterspost wurdt.