"Tsjinstplicht foar jeugd is goed idee; de latte der oer"

14 okt 2016 - 14:11

"Tsjinstplicht foar de jeugd is in goed idee, de latte moat der mar ris oer!" Dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk op it CDA-plan om de tsjinstplicht op 'e nij yn te fieren. "Lear de jeugd de noarmen en wearden mar te respektearjen, dat is in goed ding."

Oaren fûnen de militêre tsjinsplicht krekt âlderwetsk. "Respekt en dissipline binne saken dy't se fan hûs út mei krije moatte, dêr is it leger net foar."

In mem fersuchte noch dat it foar har soan wol goed west hie dat hy yn it leger "eens een schop onder zijn achterwerk had gekregen."

Trefwurden: 
tsjinstplicht freedsmerk
(advertinsje)
(advertinsje)