Oersjochútstalling Sjoerd de Vries yn Museum Belvédère

Trije wurken fan Sjoerd de Vries
Yn Museum Belvédère by It Hearrenfean is freed de oersjochtentoanstelling fan Sjoerd de Vries iepene. De Vries (1941) wurdt mei syn unike technyk en werkenbere sinjatuer as de wichtichste hjoeddeiske keunstner sjoen. Ferline jier krige er de Gerrit Bennerpriis foar syn oeuvre.
De útstalling 'Heimwee naar de toekomst' omfettet sechtich jier keunstnerskip en toant de ûntwikkeling yn it wurk fan Sjoerd de Vries en lit in trochsneed fan syn grutte oeuvre sjen.
Yn syn wurk binne twa haadtema's oan te wizen: lânskippen en portretten. Hy makke ûnder oare fyftjin portretten fan Fryske skriuwers. Hy makket ek selsportretten wêrby't syn persoanlike libben liedend is foar syn byldzjende wurk. De Vries sjocht syn lânskippen ek as portretten. Neffens him is der gjin ferskil tusken de minsklike natuer of de natuer fan it lânskip.
Ferdjipping
Der is in grut ferskaat te sjen fan betide jeugdtekeningen, wat turfbyldsjes, oaljefarve en eksperiminten mei drukinket, gûasje of kollaazje. It measte wurk bestiet út mingde techniken op âlde boekbantsjes, materiaal dat De Vries ein sechtiger jierren ûntduts as materiaal dêr't er net inkeld op mar ek yn wurkje koe. Hy koe kerve yn karton en sa in ekstra ferdjipping meitsje. Mei ûnder oare waarmte, bleekmiddel, skjirspûnskes en pigminten eksperimintearre er oant er tefreden wie. Hy siket nei ferstilde komposyjes, klassike eleminten en moderne ekspresje.
Sikehûs
Op de tentoanstelling is ek plak foar de saneamde 'sikehûstekeningen'. Dizze wurken binne ûntstien yn 1990, doe't De Vries in skoft yn it sikehûs opnaam wie fanwege syn dranksucht en in swiere depresje. Hy wurke doe op statusformulieren fan it sikehûs en plakte de papieren op elkoar om reliëf te kreëarjen. De tekeningen binne allegear ferkocht en dêrtroch koe er in nije start yn in nij atelier meitsje. Yn dat atelier wurket er no noch. Hy is noch hieltyd rjochte op ferdjipping en fernijing. "Ik heb heimwee naar de toekomst" seit er der sels oer.
Museum
Yn de jierren fyftich dreamde Sjoerd de Vries mei syn freon Thom Mercuur (1940-2016) fan in museum foar moderne keunst yn Fryslân. Yn 2004 waard dat werklikheid en wie Museum Belvédère der. It wurk fan De Vries hat altyd in fêste wearde west binnen de kolleksje fan it museum, mar waard net earder op sa'n grutte skaal toand. It museum hat in oprop dien om wurken by partikulieren thús ek oan te melden. Dêrom binne minder bekende en sels ûnbekende wurken oan de eksposysje taheakke.
De eksposysje is oant en mei 8 jannewaris 2017 te sjen.