Tsientûzenen biologyske blomkoalen helje de winkel net

14 okt 2016 - 11:38

Sa'n 60.000 blomkoalen dy't yn Fryslân troch biologyske boeren ferboud wurde, helje de winkel net. Dat stelt De Streekboer, in online platfoarm dat de biologyske boeren en harren produkten oanpriizget. De blomkoalen hawwe troch it waar brune plakjes of se binne oantaaste troch in rûp.

Foar boer Reinder de Jong fan Pitersbierrum is dat reden om takom jier minder biologyske blomkoal te ferbouwen. Hy wol mear skiep op it lân. Oantaaste blomkoal nei de voedselbank bringe is meastentiids gjin opsje foar de bioboer. De kosten fan it fan it lân heljen, lizze dêrfoar te heech. Boer Reinder de Jong ropt Friezen op mear streekprodukten te keapjen.

De Streekboer

Yn Fryslân binne sa'n sechstich bioboeren oansletten by it platfoarm De Streekboer. Freedtejûn is de ferkiezing fan De Streekboer fan it Jier yn Lekkum. Learlingen fan it Friesland College meitsje op de jûn ek sop fan trijehûndert ôfkarde blomkoalen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)