Harns en Dongeradiel wolle kosten azc ferhelje op it COA

14 okt 2016 - 11:20
Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De gemeenten Harns en Dongeradiel sille beide besjen oft de kosten dy't se makke ha foar de komst fan in azc nei de gemeente, ferhelle wurde kinne op it COA. Harns is op it stuit oan it sjen hoe heech as de kosten krekt binne. Ynkoarten is der noch in petear mei it COA. Yn dat petear sille de kosten dellein wurde. De gemeente giet derfan út dat de opfangorganisaasje dit foar har rekken nimt.

Ek yn Dongeradiel wurdt besjoen wat mei de kosten dien wurdt. Se wolle earst offisjeel fan it COA hearre dat der definityf gjin azc yn Dokkum komt en wat de konsekwinsjes binne. Dan wurdt sjoen of de makke kosten ferhelle wurde.

Trefwurden: 
Harns Dongeradiel AZC kosten
(advertinsje)
(advertinsje)