Jopie Huismanmuseum fiert 30-jierrich jubileum mei earbetoan

Mei de útstalling 'Mijn Jopie' fiert it Jopie Huismanmuseum yn Warkum it 30-jierrich bestean. Yn de jubileumtentoanstelling bringe tritich minsken in earbetoan oan de skilder. Yn ferhalen litte se oantinkens oan de keunstner en syn wurk sjen, hearre of lêze.
Ien fan har is Youp van 't Hek. Hy docht wat mei de letter K om te agearjen tsjin de 'echte keunstwrâld' dy't delsjocht op it wurk fan Huisman. De útstalling is freed iepene en fan sneon ôf tagonklik foar publyk.
Tagonklike keunst
Kabaretier Youp van 't Hek hâldt fan de "alledaagsheid van Huismans schilderijen" en neamt se "kunst met een vetgedrukte K, die ontroert en je een zachte glimlach bezorgt." Oare dielnimmers oan de jubileumútstalling binne Foppe de Haan, Lutz Jacobi, Freek de Jonge en Hans Wiegel. Syb van der Ploeg makke in liet oer Jopie.
Jopie Huisman (1922-2000) waard ferneamd om syn tagonklike keunst, skilderijen fan gewoane gebrûksfoarwerpen. Sa'n 2,5 miljoen minsken ha it museum al besocht. De útstalling 'Mijn Jopie' is te sjen fan 15 oktober oant en mei 23 april 2017.