Kollum: ''Kinderen voor Kinderen''

14 okt 2016 - 08:48

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.

''In kennis fan my, Bram de Wijs, wurket as webredakteur by Kinderen voor Kinderen, it bekende bernekoar fan BNNVARA. Wist wol, fan dy leuke ferskes.

Neist dat wurk, is Bram ek vlogger: hy makket filmkes oer syn eigen leven foar YouTube. Undertusken hat er al sa’n tachtich filmkes makke. It giet oer hoe’t hy en syn freon út iten gean, de reiskes dy’t hy makket, feestjes, en altyd sit der in kat yn syn vlog. Leuk om te folgjen; en it giet sa no en dan ek oer syn wurk.

Bram: "Jullie weten dat Kinderen voor Kinderen heel lekker gaat op YouTube. Wat zeggen we aan het eind van elke vlog: abonneren! En dat hebben ze massaal gedaan. En nu hebben we dit gekregen van YouTube."

Kinderen voor Kinderen krige dit jier in plakkaat fan YouTube, omdat se hûnderttûzen abonnees ha. Ja, dat wist ik ek net, mar Kinderen voor Kinderen is op YouTube gigantysk! It populêrste filmke is mear as 18 miljoen kear besjoen!

De site dy’t Bram ûnderhâld sjocht der ek prachtich út. In oankundiging fan in doe-middag, de krystfakânsjekonserten en kinst der de blêdmuzyk fan de ferskes besjen. Prachtich, fleurich, aktyf en mei in goed sin; krekt wat je je bern meijaan wolle, liket my.

Bram: "Ik wil het hebben over haat-reacties. Het gaat mij om de reacties op het kanaal van Kinderen voor Kinderen. Ik probeer ze allemaal een keer per week te screenen. En die zijn soms echt best heftig."

Bram vlogte juster oer in wat minder leuke kant fan syn wurk. As der wat populêrs is op ynternet, dan komt der ek wolris wat nuver folk op ôf. Yn dit gefal hat Bram it oer de reaksjes op de YouTube-filmkes fan Kinderen voor Kinderen.

Bram: "Dus als je zelf nog een kind bent, of je houdt niet van vieze woorden: hier even stoppen met kijken, bedankt, doei."

Hy is it dy’t moderearret, oftewol, bepaalt hokker reaksjes al en net tastien wurde. Op YouTube sille bern dus net lêze wat Bram der útfiteret.

Bram: "'dit liedje is zo slecht dat zelfs je moeder je een homo noemt - wat een mongolen - kinderen voor k*t - ongelooflijk gay dit - ******kinderen - dit is f*cking gay - homo’s - pure aids - ****** chinees - pure ****** - dit is supersaai, spontane oor****** - wat een ******nummer hou je ****** - ******homo - wat een ****** ****** ****** monogool - de grootste gay shit die ik ooit in mijn leven…"

Ja echt net te leauwen, en dit giet noch in hiel skoft troch. Bram lêst wol in minút lang wat foar ferskriklike teksten as der foarby komme. De K-sykte komt dus in soad foarby…

Bram: "Maar ik vind het nog veel erger dat 'homo' en 'gay' zo’n algemeen scheldwoord zijn geworden onder kinderen. En dit zijn niet een paar kinderen, dit zijn honderden kinderen per dag. Ouders, wat leren jullie je kinderen! En hou eens een beetje in de gaten wat jullie kinderen allemaal voor lelijke haat achterlaten op internet. Onder jullie naam, meestal."

En ast tinkst: ach wat soe dat no: ferfang it wurd 'homo' dan ris troch 'linkshandig'. Want sa willekeurich is it.

Jonge homo’s dogge fjouwer kear sa faak in selsmoardpoging as hetero leeftiidsgenoaten, en dat komt presys troch dit. It stiet yn sa’n skril kontrast mei Kinderen voor Kinderen.

Der is echt wat mis yn de hollen fan minsken en bern dy’t 'homo' as skelwurd brûke. It soe wat mij oanbelanget strafber wêze moatte.''

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(advertinsje)