Monasch: ''Het wordt tijd om een andere koers te varen''

14 okt 2016 - 08:07

Tongersdeitemiddei makke Jacques Monasch yn Den Haach syn kandidatuer foar it listlûkerskip fan de Partij van de Arbeid bekend. De 54-jierrige Monasch giet de striid oan mei Diederik Samsom en Lodewijk Asscher, om't er fynt dat der wat barre moat yn de partij.

''Ik heb gezegd: dit kan zo niet zoals het nu in de partij gaat, waar ik al sinds mijn zestiende lid ben. Langzaam merkte ik dat ik dan toch maar die verantwoordelijkheid moet nemen, het debat opengooien en gaan voor de winst bij de lijsttrekkersverkiezingen'', sa seit Monasch. 

Reële kâns

Monasch docht net allinne mei foar de show, hy tinkt dat er in reële kâns hat om te winnen. ''Ik denk dat ik kans heb omdat ik een programma heb wat vele mensen aanspreekt. Ik merk gewoon dat het programma van Samsom en Asscher dat niet doet. De PvdA staat op negen zetels, onder hun verantwoordelijkheid is verkiezing op verkiezing verloren. Het wordt gewoon tijd dat we een andere koers gaan varen.''

Minsklike maat werombringe

Ien fan de ideeën fan Monasch is dat de minsklike maat werombrocht wurde moat. Dat jildt foar Europa, dêrom moat de PvdA soargje foar in nij Europeesk ferdrach wêrby't minsken foarop stean en net it grutte bedriuwslibben. It jildt ek foar it ûnderwiis, de plysje en de soarch. Fierder wol Monasch ekonomyske ymmigraasje oan de grins stopje, om earst de gefolgen fan robotisering en de wurkleazens yn ús lân oplosse.

(Advertinsje)
(Advertinsje)