Auto botst op frachtwein: file by knooppunt Drachten oplost

14 okt 2016 - 07:18
Foto: Srfotografie

Op de Wâldwei (N31) by Drachten is freedtemoarn in auto op it frachtwein botst. It ûngelok barde by de ôfslach nei Grins, troch noch ûnbekende oarsaak knalde de bestjoerster fol op de efterkant fan de frachtwein. Personiel fan de ambulânse hat de frou ûndersocht, dêrnei waard se oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten. Ek de biste-ambulânse moast der oan te pas komme, om't der noch in hûn efter yn de auto siet.

As gefolch fan it ûngelok hie Rykswettersteat ien rydstreek ôfsletten, hjirtroch ûntstie in grutte file. De file wie frij fluch wer oplost.

Trefwurden: 
ûngelok Drachten plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)