Sliepkeamerbrân yn Hurdegaryp

© Anton Kappers
Yn in wenhûs oan de Ryksstrjitwei yn Hurdegaryp is tongersdeitejûn brân útbrutsen. De brânwacht is mei meardere auto's útriden, omdat it net fuortendaliks dúdlik wie oft de bewenners noch yn it hûs wienen.
Al rillegau die bliken dat dat net sa wie. Doe't it fjoer ûnder kontrôle wie, ha de brânwachtminsken it hûs reekfrij makke. Hoe't de brân ûntstean koe, is net dúdlik.