Unwisse tiden foar melkfeehâlders

It binne drege tiden foar melkfeehâlders. De molkepriis leit leech en der is boppedat in soad ûnwissens. Steatssiktaris Martijn van Dam hat bekend makke dat de ynfiering fan de fosfaatrjochten mei in jier útsteld is, fan 1 jannewaris 2017 nei 1 jannewaris 2018. Dat soarget derfoar dat boeren net witte hoe't se de takomst yn moatte. Guon boeren nimme 2017 no al in jier dat ferlern is. Trienke Elshof is melkfeehâlder en oankommend foarsitter fan lânbou-organisaasje LTO-Noord.
Wy prate mei Trienke Elshof, melkfeehâlder en oankommend foarsitter fan lânbou-organisaasje LTO-Noord.
Wat is jo bedriuwsplan foar de kommende tiid as melkfeehâlder?
Dat is hiel dreech. Oan de iene kant hawwe wy as melkfeehâlders mei in lege molkepriis te krijen en de rekkeningen gean wol troch. Dan tinke jo al gau oan útwreiding, want mear kij betsjut mear molke en dus mear ynkomsten. Mar ja, oan de oare kant witte jo dat op 1 jannewaris 2018 in protte kij wer fuort moatte sa't it no liket, omdat de fosfaatrjochten dan dus yngean.
Nederlân produsearret mear fosfaat as ôfpraat is mei Brussel. En dat komt benammen troch de groei fan de melkfeehâlderij nei it ôfskaffen fan it molkkwotum. Hoe witte jo no as boer hoefolle kij oft jo op 1 jannewaris 2018 hawwe kinne?
Dan moat de boer sjen nei it tal kij dat er op 2 july 2015 hie. Dat is juridysk sjoen it referinsjepunt foar de fosfaatberekkening. Nei dy tiid hawwe in protte boeren allinnich noch wol útwreide. Dy boeren witte dus al dat se aanst wer kij fuortdwaan moatte. Mar ek boeren dy't net ynvestearre hawwe, moatte nei alle gedachten kij fuortdwaan, omdat it folume kij op 2 july 2015 dochs al al te heech is.
Hoe moat aanst besletten wurden oer de ynkoarting fan de kij? Moat der oer de hiele liny ynkoarte wurde of moat it per boer besjoen wurde?
Dêr is protte diskusje oer. LTO-Noord seit op dit stuit dat de boeren dy't in hiel protte ynvestearre hawwe en boeren dy't in protte lân hawwe ûntlêste wurde moatte.
Jo binne sels ek melkfeehâlder. Hawwe jo sels ek ynvestearre nei dy belangrike datum fan 2 july 2015?
Nee, wy hawwe besletten om likefolle kij te hâlden.
Wêrom hat de iene boer wol ynvestearre en de oare net?
Boeren wisten dat it kwotum der ôfgean soe en hawwe dêrom in protte ynvestearre. Sa koene se mear molke produsearje en der wie fanút de hiele wrâld in soad ynteresse foar Nederlânske molke, tink allinnich al oan Sina. Mear produsearje wie dus hie oantreklik. Tagelikertiid binne der ek boeren dy't gjin mooglikheden of nocht hawwe om te ynvestearjen.
No is it in feit dat der yn Nederlân tefolle fosfaat produsearre wurdt. Dat wit eltse melkfeehâlder. Mar dat kin ek negative gefolgen hawwe foar de ûnderhannelingsposysje om de derogaasjebeskikking. Hoe sit dat dan?
De derogaasjebeskikking hat te meitsjen mei de produksje fan stikstof. Nederlân hat binnen Europa in útsûnderingsposysje op dit mêd. Wy meie 250 kilo stikstof per bunder produsearje, wylst dat yn oare lannen 170 kilo is. Ierlân en Denemarken hawwe dy útsûnderingsposysje trouwens ek, omdat wy effisjint buorkje. Wy kinne dy posysje allinnich kwytreitsje as wy trochgean mei tefolle fosfaat produsearje. En dan hawwe wy pas echt in grut probleem. Dan moatte boeren noch folle mear kij ynleverje of stront ôffiere, wat hiel djoer is. De derogaasjebeskikking kin dus foar gruttere gefolgen soargje as de hiele fosfaatdiskusje.
Hoe reëel is de angst dat wy de útsûnderingsposysje kwytreitsje?
Dy kâns is oanwêzich en hiel soarchwekkend. Yn it foarjier wurdt dêroer praat tusken Nederlân en Europa. Dat falt yn deselde tiid as de ferkiezings en is allegearre net ideaal.
Oare moanne begjinne jo as foarsitter fan LTO-Noord. Sjogge jo dat wat sitten yn dizze drege tiden?
Jawis wol, der lizze noch genôch kânsen foar ús.