Eisenga helpt mei foarsitter rfk betelle fuotbal te finen

Luuc Eisenga © Omrop Fryslân
Direkteur Luuc Eisenga fan Sportklup Heerenveen sil meihelpe om in nije foarsitter fan de ried fan kommissarissen 'betelle fuotbal' te finen by de KNVB. Eisenga is ien fan de fjouwer leden fan in spesjale kommisje dy't tongersdeitejûn bekend makke waard. De kommisje moat in opfolger fine foar de opstapte Johan Lokhorst.
De profklups yn de earedifyzje en de Jupiler League hawwe oant en moandei de tiid om in kandidaat nei foaren te skowen. Doel is dat de nije foarsitter betelle fuotbal dan yn novimber beneamd wurdt.
It rommelet al in skoft yn it bestjoer fan de KNVB. Lokhorst lei syn funksje del omdat de measte earedifyzjeklups gjin betrouwen mear yn him hiene.