ChristenUnie wol Fryske taal yn de grûnwet hawwe

13 okt 2016 - 21:33

De ChristenUnie yn de Twadde Keamer wol de diskusje oer it Frysk yn de grûnwet nij libben yn blaze. Nei in lange diskusje wie it kabinet seis jier lyn ree om it Frysk - en ek it Nederlânsk - yn de grûnwet op te nimmen. Lannen lykas Finlân, Frankryk, Eastenryk en Sweden hawwe harren taal ek yn de grûnwet ferankere.

Mar doe't yn 2010 it kabinet Balkenende IV foel, rekke de wetswiziging op de eftergrûn. Minister Donner kaam as kompensaasje mei in spesjale taalwet. De ChristenUnie wol no dat it Frysk dochs noch yn de grûnwet opnaam wurdt.

It plan 'Frysk yn de grûnwet' stiet yn it nije ferkiezingsprogramma dat de ChristeUnie freed presintearret. De partij tinkt dat dat fan belang is, omdat it brûken fan it Frysk ûnder druk stiet. As foarbyld neamt listlûker en fraksjefoarsitter Gert Jan Segers de diskusje oer de regionale omroppen fan de lêste twa jier, wêrby't ek Omrop Fryslân flink besunigje moat. It Frysk is in erkende Rykstaal, sa stelt de ChristenUnie. Dat moat ek ta útdrukking komme yn it budzjet foar de omrop.

(Advertinsje)
(Advertinsje)