VV Bûtenpost en KV Flamingo's slute keunstgers foar jeugd

13 okt 2016 - 21:19

De keunstgersfjilden fan fuotbalferiening Bûtenpost en kuorbalferiening Flamingo's op sportpark De Swadde yn Bûtenpost binne fan moandei ôf ticht foar trainingen en wedstriden fan jeugdspilers oant en mei 19 jier. Dat hawwe de bestjoeren fan beide ferienings besletten, omdat de rubberkerrels dy't op de fjilden brûkt wurde mooglik kankerferwekkend binne. It kin wêze dat guon teams troch de sluting noch mar ien kear yn de wike traine kinne, yn plak fan twa kear.

Folwoeksenen meie sels kieze

Senioaren meie sels kieze oft se wol of net it keunstgers brûke wolle, seit foarsitter Paul Olijve fan  Butenpost. "Wy nimme de jeugd yn beskerming en litte de lestige fraach oft it wol of net ferstannich is om op it keunstgers mei rubberkerrels te spyljen net oan de bern oer." De klup freget oan ferienings mei in keunstgersfjild dêr't de jeugdspilers in útwedstriid spylje, om rekken te hâlden mei it stânpunt fan de klup, en de jeugdteams in gewoan gersfjild te jaan.

Sûnensrisiko's

"We ha dizze kar makke omdat it ûndúdlik is hoe grut oft de sûnensrisiko's binne fan it spyljen op it keunstgers mei de rubberkerrels. Dit nei oanlieding fan it telefyzjeprogramma Zembla, dat dêr in útstjoering oer hie." seit Olijve.

Gjin dúdlikens

In lanlik oerlis fan ôfrûne moandei fan KNVB, RIVM, it ministearje fan VWS en de Vereniging Sport en Gemeenten hat foar VV Butenpost en KV Flamingo's te min dúdlikheid jûn oer de risiko's foar benammen jeugdspilers. "Wy wolle net wachtsje op de útslach fan it nije ûndersyk dat it RIVM hâlde sil", seit Olijve. It beslút om de fjilden te sluten jildt yn alle gefallen oant de útkomsten fan it ûndersyk nei it spyljen op keunstgersfjilden.

(advertinsje)
(advertinsje)