Omroep Max komt mei doku oer Ljouwerter skûtsje

13 okt 2016 - 20:52

It Ljouwerter skûtsje stiet sintraal yn in dokumintêre dy't Omroep Max fan 't winter útstjoert. De Hilversumske omrop hat dit jier opnamen makke by de restauraasje fan it skip, de wedstriden en by skipper Siete Meeter thús. De dokumintêre komt yn desimber op telefyzje.

Max-baas Jan Slagter hat net samar foar it Ljouwerter skûtsje keazen. Ferline jier wie er oan board by de Ljouwerters by de striid om de Frisobokaal op 'e Snitser Mar. Dat is in wedstriid tusken de SKS-skûtsjes mei pommeranten oan board.

Deadsbenaud

In flinke wynpûster soarge derfoar dat it skûtsje hast op ien ear lei. En ek al hie Slagter in swimfest oan, hie wie deadsbenaud, sa giet it ferhaal. Slagter kin hielendal net swimme. Hy woe nei de wâl. De fokkenist, dy't by de wedstriidbemanning heart, sei dat it skip net samar om gean soe. Mar Slagter woe beslist werom.  Dat kin wol, sei de fokkenist, mar dan moatst al sponsor wurde. Oars gean we noch in rûntsje. Se binne wer nei de wâl gien. De wedstriid wie dochs al foarby. En ienris wer oan de wâl wie Slagter in man fan syn wurd. Ofspraak is ofspraak sei er, we dogge der wat mei.

Siete giet en Willem komt

Neffens foarsitter Marco Quak fan it Ljouwerter skûtsje kin it samar wêze dat der in twadde diel komt fan de dokumintêre. Want der bart nochal wat by de Ljouwerters. Siete Meeter is gjin skipper mear, it helmhout is oernaam troch Willem Zwaga. "Scherven brengen geluk" seit Quak.

(advertinsje)
(advertinsje)