Priis foar app mei piktogrammen op Frysk soarchkongres

Olga mei de Tomme yn de hân, mei rjochts njonken har har mem en de studinten dy't de app ûntwikkele hawwe
Se is 20 jier âld, wennet yn Frjentsjer, en kin net prate, lêze of skriuwe. Olga Wolberts is har namme. Kommunikaasje mei freonen en âlden wie dreech. Oant har mem Anja dêr in spesjale app foar ûntwikkelje liet. Dêrmei kin se piktogrammen brûke om te kommunisearjen. De app is tongersdei yn de prizen fallen op it Frysk soarchkongres yn Drachten.
Wethâlder Jos van der Horst fan Smellingerlân rikte de priis de Tomme út oan Olga, har mem, en in groep studinten fan de NHL yn Ljouwert, dy't holpen hawwe om de app te meitsjen.
It is de bedoeling dat de app fierder ûntwikkele wurdt, sadat mear minsken mei bygelyks it syndroom fan Down, in harsenynfarkt of mei in oare fysike beheining him brûke kinne.