Hoe komme jo oan mienskipsstipe? Ljouwert helpt

13 okt 2016 - 17:20
Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Ljouwert helpt fiif projekten om oan jild te kommen. De inisjatyfnimmers fan de projekten hawwe op in ynformaasjejûn fan de gemeente leard hoe't se oan mienskipsjild komme kinne. De kommende moannen gean se oan de slach mei it ynsammeljen fan jild en guod, en sykje se frijwilligers.

Ferskate Ljouwerter fûnsen dogge mei oan dit eksperimint yn it regeljen fan mienskipsstipe. Se folgje de kampanjes fan de fiif projekten en sjogge oft se der jild oan jaan wolle of net.

De projekten dy't meidogge binne: de Samenloop voor Hoop Leeuwarden, Leeuwarder Collectief, Zetzema Vloot Grou, Play&Skate park Grou en Stichting Mahatma Gandhi.

(Advertinsje)
(Advertinsje)