Ljouwerter iishal is dekôr fan teäterstik oer Alvestêdetocht

13 okt 2016 - 17:18

De Elfstedenhal yn Ljouwert feroaret yn desimber yn in belibbingsteäter. Op 23, 24 en 26 desimber is yn de iishal de teäterfoarstelling 'Tocht van Morgen' te sjen. Yn de foarstelling wurde trije toerriders fan start oant finish fan de 17e Alvestêdetocht folge. De saken dy't se meimeitsje by de tocht wurde útbylde troch akteurs, mar ek troch keunstriders.

Romke Gabe Draaijer fan Tryater hat it skript skreaun en Madelène van Beuzekom hat de goreografy betocht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)