Dramasearje Dokter Deen hâldt nei fjouwer seizoenen op

13 okt 2016 - 16:59
Monique van de Ven as Dokter Deen

De dramasearje Dokter Deen hâldt op nei it fjirde seizoen. Dat hat Omroep Max tongersdeitemiddei bekend makke. It telefyzjeprogramma giet oer húsdokter Maria Deen fan Flylân. Sy wurdt spile troch Monique van de Ven. Oant no ta binne der trije seizoenen útstjoerd fan de searje.

It wie lang ûndúdlik oft der wol in fjirde seizoen komme soe. De opnamen dêrfan begjinne yn 2017.

(Advertinsje)
(Advertinsje)