Nij moetingsplak yn Easterbierrum: de stambeamtafel

13 okt 2016 - 15:40
Untwerp fan de stambeamtafel yn Easterbierrum - Foto: Gemeente Frjentsjerteradiel

Easterbierrum krijt in stambeamtafel midden yn it doarp. It is it slútstik fan de werynrjochting fan it sintrum, dat ferkearsfeiliger en oantrekliker makke is.

De stambeamtafel komt op de Keatsebuorren. It moat it nije moetingsplak foar de ynwenners wurde. De tafel kin foar ferskate aktiviteiten brûkt wurde. Sa wurde der bygelyks spylbuorden yn freesd en nei alle gedachten komme ek de nammen fan alle ynwenners fan Easterbierrum yn it tafelblêd te stean. 

(Advertinsje)
(Advertinsje)