"Kandidatuer Monasch is ferrassend en posityf"

13 okt 2016 - 15:24

De dielname fan it Snitser Twadde Keamerlid Jacques Monasch oan de listlûkersferkiezings by de PvdA is hiel ferrassend, mar ek hiel posityf. It is goed dat der wat te kiezen is en dat Monasch in linkser alternatyf biede wol foar Diederik Samsom of mooglik Lodewijk Asscher. Dat fynt fise-foarsitter Henk Hoen fan it gewest Fryslân.

Monasch makke earder tongersdeitemiddei syn kandidatuer bekend. Om 16:15 oere jout hy in taljochting yn Nieuwspoort yn Den Haag.

Kwaliteit

De fise-foarsitter fan it Fryske gewest tinkt dat Monasch de kwaliteit hat om de ferkiezings te winnen. Hy neamt him 'in breed oriïntearre Keamerlid mei in protte kennis fan saken'.

Linksere koers

Neffens Henk Hoen bestiet der yn Fryslân stipe foar in linksere koers fan de PvdA. Yn 2008 wie Monasch ek al ris kandidaat-listlûker, doe foar it Europeesk Parlemint. Hy ferlear de striid doe fan it sittende parlemintslid Thijs Berman.

Jacobi fernuvere 

Kollega-Twadde Keamerlid Lutz Jacobi fan de PvdA is folslein fernuvere oer de kandidaatstelling fan Jacques Monasch as listlûker fan de PvdA. Se hie echt it byld dat Monasch út de Keamer soe, sa't er yn maart sein hie.

Unhandich

By syn taljochting hie Monasch skerpe krityk op de lieders fan de PvdA: Asscher en Spekman. Hy fynt dat de folchoarder yn de proseduere om ta in nije listlûker te kommen net doocht. De tekst fan it ferkiezingsprogram is al skreaun ûnder tafersjoch fan Diederik Samsom en Lodewijk Asscher, seit Monasch. Dêrmei is der gjin earlike kâns foar oare kandidaten. Lutz Jacobi begrypt dy krityk. Sy fynt dat de hiele ferkiezing 'ferskrikkelik let' komt. Sy neamt dat 'ûnhandich'.

Goede froulike kandidaat

Oft Jacobi op Monasch stimme sil by de listlûkersferkiezing, wol se net sizze. Se hopet foaral dat der noch in goede froulike kandidaat komt. Se werhellet lykwols, lykas earder al, dat sy net wer meidwaan sil oan de listlûkersferkiezing. Yn 2012 eindige Jacobi by sa'n ferkiezing as lêste, mei 2,3% fan de stimmen. 

(Advertinsje)
(Advertinsje)