Hearrenfean en COA opnij om tafel oer azc

13 okt 2016 - 14:27
Foto: ANP

De gemeente Hearrenfean sil op koarte termyn op 'e nij mei it COA om tafel om te praten oer de plannen foar in asylsikerssintrum by de McDonald's. Oanlieding is de oankundiging fan de provinsje dat Fryslân dat it fanwegen it ôfnimmende tal asylsikers genôch hat oan trije nije azc's op It Hearrenfean, Balk en Snits en dat de plannen foar oare opfangplakken skrast wurde.

Hearrenfean wol no fan is COA witte of de 600 opfangplakken folslein brûkt wurde, hoe't it komt mei it ûnderwiis en hoelang oft it COA it azc hiere wol.

Trefwurden: 
AZC It Hearrenfean
(Advertinsje)
(Advertinsje)