Jacques Monasch kandidaat-listlûker foar de PvdA

13 okt 2016 - 13:35
Twadde Keamerlid Jacques Monasch (PvdA) - Foto: ANP

Mei as tema Nieuwe Wegen stelt it Snitser Twadde Keamerlid Jacques Monasch him tongersdeitemiddei foar de ferkiezings yn 2017 beskikber as kandidaat-listlûker fan de PvdA. Monasch is no Twadde Keamerlid foar de PvdA. Hy kundige earder dit jier oan om nei de ferkiezings net langer beskikber te wêzen, om't der te grutte ferskillen fan ynsicht tusken him en de koers fan de Keamerfraksje wiene. 

"Ekonomische ymmigraasje moat ophâlde"

Monasch seit yn syn ferklearring: "Het moet anders. Het wordt tijd voor nieuwe wegen. Hier en in Europa. Mensen weer zeggenschap geven, elkaar serieus nemen. De menselijke maat centraal stellen."En: "Het wordt tijd voor een PvdA die de morele en fysieke grenzen van de welvaartsstaat bewaakt. We zullen economische immigratie aan de grenzen moeten stoppen zodat we eerst de gevolgen van robotisering en onze hardnekkige werkeloosheid hier oplossen."

Samsom

Monasch sei op it lêste partijkongres dat fraksjefoarsitter Diederik Samsom him net beskikber stelle moat foar de kommende ferkiezings. Monasch krige der doe in soad krityk op fan de rest fan de fraksje. Hy giet no dochs de konfrontaasje oan mei listlûker Diederik Samsom.

Asscher ek kandidaat

Ek fise-premier Lodewijk Asscher hat him tongersdeitemiddei kandidaat steld foar it listlûkersskip.

(Advertinsje)
(Advertinsje)