Undersyk nei effekten REC op omjouwing

13 okt 2016 - 12:42
Omrin ôffaloven, Harns - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Der komt in ûndersyk nei de effekten fan de ôffalferwurkingssintrale REC op de omjouwing. Yngenieursburo LievenseCSO út Ljouwert fiert it ûndersyk út. Se bringe yn kaart wat de effekten binne fan de ôffalferbrâning by de REC. Ek sjocht it buro oft dizze effekten oerienkomme mei de ferwachtingen dy't de Milieu Effect Rapportage (MER) earder formulearre hat.

De evaluaasje fan de MER is ien fan de aksjes dy't dien wurdt om de REC te ferbetterjen. In MER is in ferplichte ûnderdiel by de omjouwingsfergunning.

Yn de MER moat it bedriuw, yn dit gefal de REC, ûnderbouwe wat de effekten binne fan de bedriuwsaktiviteiten op it miljeu. De MER fan de REC datearret fan 2007.

Undersyksgebieten

Buro LievenseCSO rjochtet him yn it ûndersyk op fjouwer saken:

  • Oft de miljeu-effekten ôfwike fan de foarspellingen fan de MER
  • Oft de útstjit fan de REC yn guon situaasjes oars is as fêstlein
  • Wat de aard en gearstalling is fan it ôffal dat ferwurke wurdt by de REC
  • Oft de ynstallaasje konfoarm de MER boud is

De evaluaasje moat begjin takom jier klear wêze. De útkomsten fan it ûndersyk wurde brûkt om de REC wêr mooglik te ferbetterjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)