Soad argewaasje om parkearjende studinten yn Bilgaard

13 okt 2016 - 12:10

Troch in tekoart oan parkearromte by de NHL Hegeskoalle yn Ljouwert rinne de yrritaasjes by buertbewenners heech op. Guon studinten parkearje har auto yn de wyk Bilgaard. Dat soarget dêr foar in soad oerlêst. Sa kinne bewenners de eigen auto net kwyt en is it foar de WMO-taksy somtiden dreech om minsken fan hûs op te heljen. Maatregels fan de gemeente om de oerlêst tsjin te gean, smite oant no ta neat op.

Lek stutsen

Ofrûne tiisdei rûn it lykwols út de klauwen. Fan twa auto's fan studinten waarden de bannen lek stutsen. Ek waarden se bekûgele mei wetterballonnen. Neffens de studinten wiene alle parkearplakken rûnom de skoalle fol en moasten se wol útwike nei de wyk. Parkearje dêr is net ferbean.

De NHL Hegeskoalle is op 'e hichte fan de problemen. Se fine it tige spitich dat de buertbewenners oerlêst ûnderfine fan de parkearjende studinten. Op it stuit binne der troch wurksumheden minder parkearplakken beskikber.

Parkearje by Stenden

In wurdfierder fan de Hegeskoalle seit dat der by de oare hegeskoalle, Stenden, in soad parkearromte oer is. Yntern sil dat meidield wurde oan de studinten. Ek is it bestjoer fan de NHL yn oerlis mei de gemeente om te sjen hoe't de parkearproblemen struktureel oplost wurde kinne.

Trefwurden: 
NHL Ljouwert parkearje
(advertinsje)
(advertinsje)