Slachtoffer: ''Hy brûkte deselde taal as myn freondinne''

Argeleas siet Ria Harder fan De Lemmer efter har kompjûter, doe't se op Facebook in berjochtsje krige fan har freondinne Henny. ''Oft ik har helpe koe, want har bankpas wie blokkearre en se woe wat dingen oermeitsje. Se hie 272 euro nedich. Henny stiet ek altyd foar my klear, dus dat ha ik dien. Ik tocht dat ik it nei myn freondinne oermakke. Ik seach der gjin kwea yn.''
Cyberkriminaliteit
Dochs rûn it hiel oars. Ria waard it slachtoffer fan in cyberkrimineel út Ljouwert, dy't yn july fan dit jier troch de plysje oppakt waard. ''Jûns krige ik in berjochtsje fan myn man. Oft ik op Facebook sjen woe. Der stie in warskôging: traapje hjir net yn, dit account is in oplichter. Mar doe wie it by my al bard. Ik hie it jild al oermakke.''
''Hy brûkte deselde taal''
De oplichter gie hiel sekuer te wurk en ferdjippe him yn it profyl fan it Facebook-account. Ria hie dan ek net troch dat it har freondinne net wie. ''Hy brûkte deselde taal as myn freondinne Henny'', sa seit se. ''Ik hie ek net it fermoeden dat se it net wie. It is hiel konfrontearjend, dat minsken sa tûk wêze kinne om misbrûk fan minsken te meitsjen.''