Undersyk nei subsydzjes berne-opfang Tytsjerksteradiel

De VVD-fraksje yn Tytsjerksteradiel wol in ûndersyk nei de mooglik yn ferhâlding hege subsydzje foar berne-opfangorganisaasje Kinderwoud út It Hearrenfean. Dat bart nei oanlieding fan swiere krityk fan Sjaak Hoekstra, in belutsen âlder út Burgum.
De gemeente soe yn de fyzje fan Hoekstra hast 7 ton te folle betelle hawwe oan de grutte opfangorganisaasje. Lytsere opfangorganisaasjes soene bûten alderhanne oerlizzen hâlden wêze en koene net ynbrekke yn konvenanten dy't sletten waarden tusken gemeente, it ûnderwiis en Kinderwoud.
Gelyk behannelje
Neffens de VVD moatte alle berne-opfangsorganisaasjes gelyk behannele wurde en hat it kolleezje om opheldering frege. As der fouten makke binne yn de subsydzje-útjefte, dan moat dêr sa gau as mooglik feroaring yn komme, fynt de VVD.