Dochs ûndersyk nei dea 67-jierrige man op It Hearrenfean

13 okt 2016 - 10:50
Deade fûn yn wetter op It Hearrenfean - Foto: Camjo Media

De plysje op It Hearrenfean docht dochs ûndersyk nei de dea fan in 67-jierrige ynwenner fan it plak. De man waard ferline wike fûn yn it wetter by de Hearewal. De plysje giet der fan út dat hy troch in needlottich ûngelok om it libben kaam is, mar docht no dochs ûndersyk om't der hieltyd ferhalen opdûke dat de man yn it wetter treaun wêze soe.

Om dy ferhalen út de wrâld te helpen, docht de plysje buertûndersyk by it paad dat de man naam hat fan it sintrum nei syn hûs.

(Advertinsje)
(Advertinsje)