Ferwûne slachtoffer Ofslútdyk is 85-jierrige frou

13 okt 2016 - 10:47
Foto: Jaring Rispens

By it ûngelok op de Ofslútdyk by Den Oever is woansdeitemiddei in 85-jierrige frou út Burgum slim ferwûne rekke. De frou is yn kritike tastân mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht.

Se ried mei har auto efterop in frachtwein. Dêrby waard ek noch in buske rekke. De ravaazje wie grut en de dyk fan Noard-Hollân rjochting Fryslân wie oeren ôfsletten, mei lange files as gefolch. Pas om 20:00 oere jûns waard de dyk wer frijjûn.

De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok Ofslútdyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)