Ljouwerter cyberkrimineel makket 400 slachtoffers

13 okt 2016 - 06:44

De plysje hat yn july in 35-jierrige man út Ljouwert oppakt op fertinking fan oplichting, kompjûterfredebrek en identiteitsfraude. De Ljouwerter, dy't soms ek yn Snits wenne, makke websides foar bedriuwen en boude dêryn in soarte fan achterdoar, in saneamd skript. Dêrtroch koe hy achter ynloggegevens komme fan de slachtoffers.

Dy brûkte hy om bygelyks de identiteit fan in Facebook-freon oer te nimmen of om guod te bestellen by webwinkels. Op dy wize kamen de slachtoffers der net achter dat se oplicht en bestellen waarden.

400 slachtoffers

De fertochte hat mear as 400 minsken oplicht foar in bedrach tusken de 100 en 7.000 euro. Mei-elkoar is de Ljouwerter der in ton riker op wurden. De man brûkte it jild om syn gokferslaving te bekostigjen.

De saak kaam yn novimber 2014 it rôljen doe't in webwinkel oanjefte die by de plysje. Al gau waard dúdlik dat de Ljouwerter de spil wie yn in grutte cybercrime-saak. Om't it in yngewikkeld en lang ûndersyk wie mei in hiel soad slachtoffers, hat it lang duorre foar't se him pakke koenen.

Unike saak

De plysje sprekt fan in unike saak. Benammen om't de Ljouwerter op in tûke wize syn slachtoffers oplichte. Nije wike moat de fertochte foarkomme op in pro forma-sitting. Justysje sil de rjochter dan freegje om him langer fêst te hâlden om't hy oars wer de fout yn gean sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)