3D metaalprinter jout Drachten ynnovative stimulâns

12 okt 2016 - 21:16

Op it terrein fan Philips yn Drachten is woansdei it nije 'High Tech Field Lab' iepene. It is opset troch it ynnovaasjekluster Drachten. Yn it laboratoarium stiet in 3D-metaalprinter. Dêrmei kinne komplekse foarmen printe wurde. It produkt dat der útkomt is sa sterk dat it hast oeral brûkt wurde kin.

Mei de printer kin in soad jild besparre wurde. Sa is der minder metaal nedich om bygelyks in silinder te meitsjen. Foar Philips sit de besparring yn tiid.

Mei help fan de printer kin it bedriuw yn fiif dagen in mal meitsje foar in nij skearapparaat. No nimt dat al gau in moanne as twa yn beslach.

Underwiis

Njonken de bedriuwen kriget ek it ûnderwiis in grutte rol yn it laboratoarium. Sa wurdt gearwurke mei de Ryksuniversiteit Grins en mei de hegeskoallen yn Noard-Nederlân. Ek ROC Friese Poort hat oansluting socht.

Nije produkten

It ynnovaasjekluster Drachten is in inisjatyf fan 15 technologyske bedriuwen. Se wurkje dêr mei-inoar om nije produkten te ûntwikkeljen. It is de bedoeling mei 50 nije ynnovative produkten op jierbasis te kommen.

(advertinsje)
(advertinsje)