Socht: Alden foar it heit&mem-panel

© www.kidsfirst.nl
Der is ferlet fan Fryske âlden dy't fertelle wolle yn hokker talen se de bern grutbringe en hoe't de taalûntwikkeling fan de bern giet. Fryslân is meartalich en it Frysk en it Nederlânsk wurde faak neist inoar of trochinoar brûkt.
It ûndersyk nei meartaligens wol efterhelje wêrom't Frysktalige bern by it boartsjen faak Nederlânsk prate, mar oarsom net.
It heit&mem-panel is opset troch de Afûk en de Stichting Frysktalige Berne-opfang. Se sykje âlden mei bern yn de leeftiid tusken de nul en seis jier.