Politisy ha soargen oer finânsjes gemeente Ljouwert

12 okt 2016 - 19:17

Ferskate politike partijen yn de gemeenteried fan Ljouwert begjinne har soargen te meitsjen oer de finansjele situaasje fan de gemeente. Yn de begrutting foar 2017 stiet dat de gemeente de kommende jierren noch sa'n 25 miljoen euro út de eigen reserve bypasse moat om de kosten foar it 'sosjale domein' te beteljen. Hjirtroch bliuwt der hast gjin jild oer foar nije ynvestearringen of foar it opheinen fan oare tsjinfallers. Serge Hollander fan de VVD fynt dat de gemeente sa wol hiel kwetsber wurdt.

Tekoarten werombringe

It kolleezje fan b. en w. wol de kommende jierren de tekoarten op it sosjale domein stapsgewiis werombringe oant nul. Gijs Jacobse fan Gemeentebelangen moat noch sjen oft dat ek echt slagget. Ek de VVD hat dêr twivels oer. Jacobse is dêrom fan betinken dat kolleezje en gemeenteried it kommende jier it bêste mar hiel sunich wêze kinne en mar better net jild útjaan kinne oan 'aardige dingen'. Ein takommend jier binne der yn Ljouwert en Ljouwerteradiel weryndielingsferkiezings.

Bliede foar Ryksbesunigings

Neffens Frits Rijpma fan de ChristenUnie moat de gemeente Ljouwert bliede foar de Ryksbesunigings op soarch. It gemeentebestjoer kin dêr net folle oan dwaan. Rijpma fynt dat it gemeentebestjoer besiket om ferstannich mei de nije ferantwurdlikheden op it mêd fan soarch om te gean. "Ik tink ek dat de gemeente dat better kin as it Ryk, mar ik fyn it wol ûnrjochtfeardich dat der safolle eigen jild by moat."

(Advertinsje)
(Advertinsje)