3 km lange Fryske sjaal yn Drachtster Lyseum

12 okt 2016 - 18:39

Yn it Drachtster Lyseum wurdt tongersdei in Fryske dei hâlden. Alles stiet op dizze dei yn it teken fan it Frysk. Hichtepunt wurdt middeis in besite fan Jelle B. en âld-learlinge Iris Kroes.

Woansdeitemiddei is de skoalle alfêst oanklaaid mei in Fryske sjaal fan 3 kilometer lingte dy’t de skoalle te lien krigen hat fan iisstadion Thialf. Dizze sjaal is makke troch de bewenners fan in soarchsintrum yn Scheveningen en is begjin dit jier oanbean oan de iishal.

(Advertinsje)
(Advertinsje)