FIDEO: Lûk dûkt de wrâld fan de Jehova's tsjûgen yn

"*ding dong* Jajaaaa, ik kom der oan! Hawwe jo ek tiid foar it geloof? Ehm, nee ik bin drok, doei!..."
Faak hawwe wy it te drok of hawwe wy der hielendal gjin sin oan, prate mei in Jehova's tsjûge. Mar wat motivearret no in Jehova om by de doarren del te gean en sa folle tiid yn it leauwen te stekken? Programmamakker Lars rint mei Jehova's tsjûge Desiree Westerhof lâns de doarren en lit him ûnderdompelje yn it leauwen.