Fryske skydiver wurket mei oan Europeesk rekôr

Skydiver Herman Slot fan Boyl hat meiwurke oan it Europeeske rekôr fan skydive yn formaasje. Mei 25 parasjutisten ha se yn de foarm fan in rút sprongen. Oan de sprong sels die er net mei, om oaren ek in kâns te jaan soks spesjaals mei te meitsjen. Mar yn de tarieding hat er wol sprongen en hy hat him mei de organisaasje dwaande hâlden.
Hy docht al mear as tweintich jier oan skydiven. Yn 2007 die er mei oan it wrâldrekôr skydive, ek yn rútfoarm. It moaie fynt er om mei in groep nei sa'n sprong ta te wurkjen.